Tongerdei 18 desimber 2025 jûns fanôf 19.30 binne belangstellenden fan herte wolkom op de ynrinjûn yn Ons Huis Aldfaers Erf Bitgum-Bitgummole.

Binne jimme nijsgjirrich nei de skiednis fan ús doarpen, kom gerêst del om in praatsje te meitsjen of om yn âlde foto’s om te sneupen en wa wit komme je famylje tsjin wer’t al in skoft nei socht waard. Underwilens al in hiel rom argyf hokker wat noch alle dagen groeiende is.
Hawwe jim no ek noch ynteresante foto’s dokuminten, negativen,dia’s films der’t ja fan tinke dy hearre eins ek in plakje te krije yn it doarpsargyf, nim se mei foto’s skenne wy fuort yn sadat men dy gelyk ek wer mei nei hûs nimme kin, it matriaal wurdt dan digitaal opslein en oan jo de kar foar pubikaasje of allinne opslach.
Graach oant sjen!





