HET DOEK VALT…..
De lêste pakjedrager
De lêste hûndert jier is der gâns feroare yn ‘e wrâld, ek yn de lytse wrâld fan
ds “trijelingdoarpen”. De gerniers binne it it fjild ferdwûn, en út ‘e buorren,
om sa foar de stok op mar hwat to neamen: de smûke krudenierswinkeltsjes, de
pomp- en weinmakker, de kûper, de fearskipper en oare skippers en, lang forlyn,
sels in jeneverstoker.
lês fierder 1986 D&S jiergong 24 Nr.1 blz.20
Skriuwer Reimer van Tuinen
BITGUMER STRJITNAMMEN EN DER WHAT OMHINNE
Donia-Strjitte: Sahwat om 1966 hinne oanlein op “maagdelike groun”.
De namme is út ús reservepotsje helle. Wy achten dy namme sinfol
mei’t er in forbining joech mei in stikje histoarje dat oars al sahwat
weiwurden wie yn de skimer fan de tiden.
BITGUMER STRJITNAMMEN EN DER WHAT OMHINNE
De Berltsumerdyk, ûnderdiel fan de alde sédyk, rjochting Berltsum.
Yn ‘e rin fan de tiid, mar yn elk gefal nei 1835, is der wjerskanten
hwat lintbibouwing ûntstien.
Skriuwer: Reimer van Tuinen
BITGUMER STRJITNAMMEN EN DER WHAT OMHINNE
De Frânske Leane. Dy namme, al sûnt ûnheuchlike tiden yn gebrûk, sonder
de k trouwens, woene wy mar gewurde litte. De oerlevering wol haw:
we dat de Frânsen hjir yn 1795 delkommen binne, mar nochteren deskundigen
bidjerre it, troch it te hâlden op ‘e manlju’s namme Frâns.
Skriuwer: Reimer van Tuinen
BITGUMER STRJITNAMMEN EN DER WHAT OMHINNE
De Buorren. Wy sette Us roungong troch it doarp útein mei as bigjinpunt
it hert fan it doarp: de Buorren. Meastentiids wurdt dêr mei
oantsjut it tichtst biboude en gauris ek it âldste part fan in doarp,
almeast om en by de tsjerke.
Skriuwer: Reimer van Tuinen
BITGUMER STRJITNAMMEN EN DER WHAT OMHINNE
Oant 1962 bistie de húsnûmering yn ûs gemeente noch per doarp.
Doe’t de frou en ik (ús nei wenjen setten yn it hûs dat nou as adres Fjouwerhûs 5
(eins wol komyk), krigen wy as húsnûmer 465. Dat wie yn 1952 en op dat stuit it leste
en dus heechste húsnûmer fan it doarp Menaem.
Skriuwer: Reimer van Tuinen
IN LYTSE BETINKING
It is paslik om yn ús doarpskrantsje to mémorearjen it ferdwinen fan Koopman’s
timmersaak te Bitgum, Omtrint in ieu ferlyn is in Tseard Koopmans dêr as timmerbaas
bigoun, Dy syn beide soannen, Petrus en Karel, hawwe de saek oernommen
en geandewei útwreide.
Skriuwer Reimer van Tuinen
Ta oantinken oan Reimer van Tuinen
29 novimber 2006 ferstoarn te Menaam
Ik wit: dit skriuwen is wat oan de lette kant, mar de tiid giet oan de ein fan it jier blykber dûbel sa hurd
en dan rûgelet de “Doarp en Sport” fan jannewaris alwer troch de doar. Mar ik kin der net omhinne
noch even in koart stikje te wijen oan dizze bysûndere ynwenner fan Bitgum, ús doarp.
Lês fierder: D&S jiergong 2007 45 Nr.2 blz.5 Ta oantinken Reimer van Tuinen
Skriuwer: Klaas Abe Kamstra







