Oantinkens oan ……
STRAATHANDEL ANNO DERTIGER JAREN
Deze keer geen oorlogsverhalen, maar iets verder terug, naar het begin van de dertiger jaren.
Overal is armoe troef en iedereen probeert op zijn manier het hoofd boven water te houden.
Velen kiezen voor het langs de deuren venten met allerhande negotie. Groente en aardappelen,
maar ook textiel of huishoudelijke dingetjes. Je kan het zo gek niet bedenken, of er werd mee
gevent, Vanuit Zwaagwesteinde e.o. kwamen vooral de ‘lapkekeaplju’. Toen reeds woonden
daar de Baarsma’s, die als grossiers van textiel de kleinhandelaren bevoorraden. Op hun beurt
gingen die dan weer bepakt en bezakt per fiets door de provincie.

lês fierder 1995 D&S jiergong 33 Nr.5 Gerrit Hager blz.3 

Skriuwer: Gerrit Hager

Oantinkens oan……..

Yn’e nacht fan 23 op 24 novimber 1908 hie it frijwat ferzen. Sa bot dat in ploechje manlju,
dwaande mei it ferkroadzjen fan slatmodder, sûnder planken, rjocht út – rjocht oan, de modder
oer de greide bringe koene. Dat skeelde moai want no gie der gjin tiid ferlern met it ferlizzen
fan de planken. It wie oannommen wurk, dus tiid is jild.

lês fierder 1995 D&S jiergong 33 Nr.6 Gerrit Hager blz.23 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt oer……..

Doe’t myn wiif okkerdeis mei in steapeltsje klean fan boppen kaam en yn in plastic pûde
begûn te triuwen, wie myn earste betinken; o wee!’ Der moat wer wat nijs komme foar de
winter. Ik hie se al oer in saak yn Frentsjer heard (dêr komt se wei) dy hie ”opheffings
uitverkoop” en dan moatte jo der by wêze, mar dan moat der earst romte komme, sille de
kastdoarren ticht kinne.

Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.12 blz.3

Skriuwer: Gerrit Hager

HAGER FERTELT OER ………
Yn it begjin dat de strieljagers hjir op it fleanfjild kamen, rekke der nochal ris ien it spoar
bjuster. Ik kin wol trije plakken opneame wer ien del kaam. Ien oan de Langestraat (ik wenne
doe yn dat hûs wat se no sa moai wyt ferve ha, by de loads. Ik stie mei myn suster (dy wie in
dei oer) oan de side fan it hûs en der kaam sa’n jager oan ratteljen.

Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.11 blz. 27 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt oer………
Ik haw jim wat ferteld oer de blomkoal dy’t ik fan Arjen Brouwer kocht hie: fan syn broer
Reimer kocht ik op 11 oktober 1946 rapen yn de grûn, foar 700 gûne. It wiene hiele moaie
rapen en ik haw se tippe (snije) litten troch twa manlju út Ljouwert, ik koe dizze mannen wol
en wist dat se dit wol oan koenen, raaptippe is elts syn wurk net.

Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.10 blz.27

Skriuwer: Gerrit Hager

HAGER FERTELT…
Ik haw probearre jim út te lizzen wat flaaksbou e s.fh. ynhâldt en dat it hjir net mear ferboud wurdt. Dar soe
wol ris feroarje kinne, want ik lês no yn de Telegraaf fan sneon 10 febrewaris dat: ‘Vlas heeft weer toekomst’. It
ministearje fan Lânbou hat fjouwer jier dwaande west mei ûndersyk om flaakstrie foar de yndustry yn te setten yn
steefan glêstrie.

Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.3 blz.15

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt oer……

Yn myn Lêste Doarp en Sport haw ik it oer de blomkoal han dy’t ik fan Arjen Brouwer kocht
hie. Op in dei wienen wy drok oan it snijen en der komme trije hearen it lân op. Kontroleurs
fan de CCD (Centrale Crisis Dienst) dit wie noch in útfloeisel út de oarlochsjierren.

Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.6 blz 25 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt oer……

Der skillet my nochal ris ien, as reaksje op de stikjes dy’t ik skriuw, sa ek op myn wurk, by
boer Bouke v.d. Weg, doe’t ik tolve jier wie, oer wat ik der dwaan moast û.o. mei de baby de
wei op en del ride.
Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.5 blz.33

Skriuwer: Gerrit Hager

MEI GERRIT HAGER YN IT FLAAKS
Yn myn lêste stikje haw ik it û.o. oer de flaaksbou hân, en hoefolle oeren der wol net yn sieten.
Heit brûkte te min lân om sels flaaks te ferbouwen, dat die er dan om’e helte mei in gruttere
gernier. Ik sil prebearje út te lizzen wat dat ynhâld en dan sille ferskate lêzers de holle skodzje
en tinke: siet der noch winst yn?,

Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.2 blz.3 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt oer…..arbeider by Van der Weg
De simmer fan 1921 wie bysûndere droech. Dat sette by’t mai-tiid al yn. Under it beanesetten
fleagen de hagelstiennen je om- en benammen tsjin de holle. Beantsjesette wie wol moai wurk:
in man makke mei in pompstok seis gatsjes op in eker en dan moasten wy yn elk gatsje twa
beane mikke. Jûns waarden de gatsjes mei hynder en eide tichtmakke, dat moast, want as de
beane wiet waarden sprongen se wer út’e gatten en dat wie de bedoeling net.

Lês fierder 1996 D&S jiergong 34 Nr.1  blz.3 

Skriuwer: Gerrit Hager

HAGER fertelt oer….
Yn Doarp en Sport haw ik it oer myn meiwurking oan it ‘arbeidsproces’ hân.
Wie it lânwurk dien, dan wachtte it braakhok, dat jilde ek foar my. Wat flaaksbrake ynhaldt,
wit 90 % fan dizze generaasje net mear. Wannear’t ik de hiele flaaksproduksje, fan begjin ta
ein, dat wol sizze, as it foar de linnenyndustry ree wie, utlizze soe, dan moast der in ekstra
bylage by Doarp en Sport komme! Nei it braakhok kaam de maitiid fan 1921.

lês fierder 1995 D&S jiergong 33 Nr.12 Gerrit Hager oer blz.11

Skriuwer: Gerrit Hager

Oantinkens twa oarlochstransporten yn útersten.
Ien de simmer fan ’44 wie it in hiele toer om de kost, lit stean de kosten fan in auto, boppe
wetter te heljen. Benzine wie der net mear. Heechut in pear liter tsjin ‘swarte’ prizen. Ien gûne
de liter, ofwol fiif kear de gewoane priis fan dy tiid. Dat makke de autobestjoerders kreatyf:
mei hout- of turfkachels seach in inkeling kans noch wat beweging te krijen yn it vehikel.
Kachels foar of efterop de auto bûn en fansels net te min branje mei.

lês fierder 1995 D&S jiergong 33 Nr.3 Gerrit Hager blz.5

Skriuwer: Gerrit Hager

Yn myn léste stikje ha ik it oer de kjeld hân nammentlik oer de alvestédetocht fan 1929. Hjir
is in ‘printflater’’ makke. By de start yn 1929 waard twa graden froast neamd, dit moast
twaentweintich graden wéze, nochal in ferskil.
No wol ik it oer de waarmte ha, wér’t wy twa wiken fan genietsje mochten. Wy binne in jier
as wat ferlyn troch in ‘’stédsdokter’ advisearre om fanweges dat wy it yn de réch hawwe op
fakânsje nei in waarm lan te gean.

Lês fierder 1997 D&S jiergong 35 Nr.4. Hager fertelt blz.3

Skriuwer: Gerrit Hager

Eltse sneintemoarn is der in sjongtsjinst fan de E.O. op ‘e televyzje. Wy fine dat beide moai.
de lietsjes dy’t der songen wurde, binne faak bekende Gt s jeugd. Under oaren ut de bondel
fan Johannes de Heer. Dér waard eartiids op it sjongkoar tige ut songen.
Der gongen trije fan myn susters op it koar en dan waard der thus mei freondinnen en freonen
omraak repetearre.

Lês fierder 1997 D&S jiergong 35 Nr.5 Hager fertelt blz.3

Skriuwer: Gerrit Hager

Myn belangstelling giet, ald jirappelkeapman, noch altyd ut nei de prizen, rassen, opbringsten
e.s.f.h. fan de jirpels, ik ha de grutste helte fan myn libben de kost der mei fertsjinje moatten,
dêr fandinne tink ik en wy binne hjir yn dizze hoeke sawat tusken de jirpels berne.

Lês fierder 1997 D&S jiergong 35 Nr.7 en 8 Hager fertelt blz.3

Skriuwer: Gerrit Hager

It hat yn 1924 west, dat Willem v.d. Veen, troud mei Ymkje Nutebeam wenne, wér’t no Geert
Leemburg wennet, by my kaam mei de fraach at ik him helpe woe om syn borgers boppe de
grûn te krijen, no, dat gie hinne.
It lân lei oan de Berltsumerdyk healwei Bitgum – Berltsum oan de rjochterkant. De reed der
hinne rûn skean by de dyk del nei it twadde stik en siet fol kûlen en gatten.

Lês fierder 1997 D&S jiergong 35 Nr.9 Hager fertelt blz.20

Skriuwer: Gerrit Hager

Master Fennema hat yn nummer 3 fan dit jier op masterlike wize útein set, hoe’t minsken oan
in skelnamme kamen.
Eartiids hie elk in bynamme, mar faak ôflaad fan it berôp, dat wie no net as skelnamme
bedoeld. Bygelyks: Klaas de Haan, wie Klaas briket. de man hie in brânstofsaak. Rienk
Dykstra, wie Rienk smoar, de man sûtele mei rau kowefet by de doarren lâns en kowefet
hjitte smoar, fan dêr dus. Germ de Vries koe men oars net as Germ Otskes nei syn heit Otte.
Klaas Dykstra, wie Klaas Jisses nei heit Jisse. Lume Groeneveld, hjitte Lume Boem; wêr
kaam no ‘boem’ wei? Piet Sietsma hie as bynamme: Piet Hak, de man wie kowedriuwer.

Lês fieder 1997 D&S jiergong 35 Nr.10 Hager fertelt blz.26

Skriuwer: Gerrit Hager

KOM YN ‘E KUNDE MEI
Gerrit Hager
Gerrit Hager (24-11-1908) is by de measte lêzers fan Doarp &
Sport bekend fanwege syn stikjes oer de histoarje ûnder de titel
‘Hager fertelt’. Hager is krekt 90 jier wurden en hat dat fierd by syn
soan Anne Hager, eigner fan ‘De Winze’ yn Wyns. Hy waard yn
styl fan hûs helle yn in A-Ford út it jier 1930 en op ‘e radio wie de |
plaat ‘Heer wees mijn gids’ foar him oanfrege troch syn suster
Janke út Boalsert.

Lês fieder 1999 D&S jiergong 37 Nr.1_Gerrit Hager fertelt blz.5

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt…….
Der leit in útnoeging foar Fetsje op de matte: op 20 oktober ‘Groot Huisbezoek’ bij mevrouw Van
der Plaats. Se hat der wol sin oan, it binne altyd moaie en learsume gearkomsten, en by Griet gean
jo meastal ek net mei in lege mage nei hûs.
Dan is der ek noch ‘Samen op weg’ dêr spant Fetsje har nochal foar yn.

Lês fierder 1999 D&S jiergong 37 Nr.11 Gerrit Hager fertelt blz.5

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt…….

Ik moat der tige om tinke dat ik net myn “Alde Hynderkes’ drave lit, ik moat net yn herhalings
falle, want dan hear ik ‘t jimme al sizzen: Men kin al fernimme dat er âlder wurdt. Nou, dat fiel
ik sûnder jim kommentaar ek wol. It frjemde hjirfan is, datjinge wat tachtich jier ferlyn is, ik
better foar de geast helje kin dan dingen fan bygelyks twa wiken lyn. Wer ’t ik it no oer hawwe
sil, is wol tachtich jier ferlyn, en de oanlieding is: Griene eartesop

Lês fierder: D&S 2000 jiergong 38 Nr.4 blz.16 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager vertelt.
In dorp en sport van Januari j.l. verteld de huidige eigenaresse, Mevr Sneke
v.d. Wal, over het ontstaan van de loods Langestraat 36 in grove trekken
juist.

Lês fierder: D&S 2001 jiergong 39 Nr.2 blz.26 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt
Yn de NCRV gids fan 17-23 febrewaris stiet in
aardich stikje oer bisten dy’t op harren
trektochten feilleas it paad fine kinne û.o.
seeskildpadden.

Lês fierder: D&S 2001 jiergong 39 Nr.3 blz.3 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt…
Der 1s de lêste tiid hiel wat bard troch de kosykte tongblier. It hat ús allegear oangrepen, foaral de wize
fan bestriding. Sike bisten opromje dêr kin je ynkomme, mar al dy sûne bisten? Der binne grutte
twifels oer. Yn de tritiger jierren binne der, Colijn wie doe de grutte steatsman, tûzenden kolve
(prachtige) kij ôfmakke. Neffens it regear wienen der te folle kij, dus ek opromje. Oft se doe ek
ferbaarnd binne, wit ik net.

Lês fierder: D&S 2001 jiergong 39 Nr.6 blz.8 

Skriuwer: Gerrit Hager

Hager fertelt……

It wie jl. septimber 72 jier lyn dat der yn Bitgummûne in ingemak barde, wat in jongeman it libben
koste.
Wat no kanker folkssykte nûmer ien is, sa hie destiids TBC dy namme. Wa ’t doe TBC krige, moast
troch lang kueren genêze. Der wiene spesjale kueroarden, bygelyks Appelskea, Harderwyk; en yn
Ljouwert hie ’t Diakonesssehûs achter yn ‘e tún in stikmannich barakken wêr’t de pasjint safolle
mooglik yn de iepen loft lei, ek nachts. ien fan myn susters hat dêr sa’n kuer hân, en is der folslein
genêzen.

Les fierder: D&S 2003 jiergong 41 Nr.4  blz.30 Hager vertelt oer

Skriuwer: Gerrit Hager

Gerrit HAGER ( *1908 † 2003)