Pertear mei Willem Sjerps de Vries diel 1
Alde Durk v.d.Schaaf hie in stik as wat dochters hokker mei nei it lân moasten.
Wie froecher Molkrider en kaam ek by Baukje Bruinsma (widdofrou yn Mullem) freeds mei de sinten hie ik wolris in praatsje mei har.
Sangferiening Aurora yn de I.L.S. en Minse de Vries (âld keatser) wie de dirigint en dy seach my gauris oan want ik koe net sjonge.
Mei 11 jier fan skoalle ôf en mei nei it lân, as ik dan 60 oeren makke hie dan krige ik 2 gûne en in dûbeltsje wer’t mem wol bliid mei wie.
Braken en mollefange.
Ús heit wie net sa noflik mar dat sil him ek wol oan ‘e libbens omstannichheden lein hawwe.

Willem Sjerps de Vries
Pertear mei Willem Sjerps de Vries diel 2
Pleats reitdekke,Gernier west mar nea om te bliuwe.
Yn 1914-1918 moast ik mei spoed yn 1915 opkomme en 13 maaie 1915 binne we troud.
Yn 1916 kaam ik wer thús fan mobelisaasje en yn 1917 krige we ús earste en yn 1918 krige we de Spaanse gryp.
Yn 1920 krige we wer in jong mei de namme Sjerp.
Doe wy yn 1940 25 jier troud wiene siet Sjerp yn ’e oarloch mar is dêr lokkich goe foar weikaam, ús Tsjebbe moast ûnderdûke.
Jan Kamstra warskôge Tsjebbe dat de SS yn Berltsum wiene. Bombardemint meimakke.
62 jier lid fan de ûnthâlders feriening, in grutte feriening mei doe 150 leden en Minse de Vries hie de lieding mei op Himelfeartsdei in útfiering mei toniel.
Pertear mei Willem Sjerps de Vries diel 3
Tsjinstwegerder wiene hjir ek wol mar foar straf 2 jier de bak yn.
Foar myn nûmer opkomme mar dan wie ik myn wurk ek wer kwyt.
Molkride foar in pear sinten.
Yn 1911 haw ik myn frou moete,doe ik tsjin har sei fan mat ik ek werk omme, doe sei se tsjin my ”sels mar witte”.
Under tsjinst haw ik ek alris in skarreltsje hân.
Pertear mei Willem Sjerps de Vries diel 4
Yn ’e winter as skoaljonge oan it skotsje sette op ’e jarresleat, we hiene dêr al aardich oer gea west, ma doe moast myn jongere broer ek noch sa nedich fansels en ja oan de middel dêryn fansels.
Sels ek ûnder in brêge troch it iis sakke.
Bin ek alris doe ik holp mei reitdekke fan de skuorre nei ûnderen kûkele.
Doe ik yn tsjinst moast,kaam ik yn DenHaag, noch nea sa fier fan hûs west, anty militairistysk mar wegerje dwaasten ja ek net. Doe ik mei Peaske in pear dagen frij krige gau nei hûs ta fansels. Mar doe ik wer nei Den Haag moast wie de ûnwennigens oer.
Yn 1909 Moord oan ’e Langestraat.




